Klaas
Ik kaam Klaas juster tsjin. Hy gnyske gemien nei my en pakte my by it boarst beet as woe er my optille.
‘Ik hâld net fan fytsen,’ sei er.
‘Dat wit ik.’
‘Ik hâld der net fan om op 'e souder yn âlde papieren om te slaan. Ik wol gjin hammer fêsthâlde. Ik ha it mier oan lêzen.’
‘Dat wit ik.’
‘Ik ha gjin skoalle ôfmakke. Ik sykje net om fêst wurk. Ik besûp my withoefaak. Ik gean wol ris nei de hoeren.’
‘Do seist it.’
‘Ik bin dyn soan.’
‘Dat wit ik.’
Doe tilde er my mei ien hân op.
‘Wy ha in protte fan inoar,’ sei er.
‘O ja?’ sei ik út myn machteleaze posysje wei.
‘Ja,’ sei er, ‘wy dogge allebeide mar wat.’