ik meitsje dy ôf
Dette wie lilk op my. Se gong foar my stean en seach my op en del oan. Se sei: ‘Klaai dy út!’
‘Wat?’ sei ik.
‘Ja, jonge God,’ sei se, ‘in jonge God, sa fielst dy dochs.’
‘Wat?’ sei ik. Mar ik wist wat se bedoelde. Ik hie it kin even optild en de rêch rjochte.
‘Mar o, wat sjochst der dan ferûngelike út,’ sei se, ‘klaai dy út. En mien no mar net dat ik dy klearmeitsje sil.’
Ik klaaide my út. Dette pakt in grouwe stift.
Op myn liif skreau se: útsakke.
Op myn skonken: stram.
Op myn earms: slop.
Op myn rêch: stiif.
Op myn skouders: te smel.
Op myn gesicht: âld.
Op myn holle: hast keal.
Op myn boarst: yninoardondere.
Op myn kul, dy't se wol earst stiif makke: gjin piid mear.
‘No giest te fier,’ sei ik, ‘no oerdriuwst.’
‘Do silst it witte,’ sei se, ‘mar do bist gjin jonge God mear. En hoechst my net te snippen, want dan meitsje ik dy ôf.’