de sinne
Ik siet yn myn finsterbank yn 'e jûnssinne. Dette kaam by my te stean.
‘Do hâldst fan 'e sinne, hin,’ sei se. Se sei it op in rúzjesykjende toan.
‘Ja,’ sei ik, ‘ik hoopje dat ik der nochris yn ferdwyn.’
‘Dat soest wol wolle, ja,’ sei se en se joech my in klap.
‘Ik hâld net mear fan 'e sinne,’ sei se, ‘tink mar ris nei wêrom.’
Ik koe neat betinke.
‘Hy stiet tusken ús yn.’
‘Ik soe net witte hoe,’ sei ik.
Dette joech my wer in klap.
‘It is in kring,’ sei se, ‘hy hâldt allinne fan famkes, jonge froulju en geile manlju. Ik ha foar him ôfdien.’
‘Der sit dy wat dwars.’
‘Ja, ik ha in hekel oan him. Hy bakt jongfammen ta lust-objekten dêr't manlju de eagen net fan ôfhâlde kinne.’
‘O.’
‘Ik koe dy fannemiddei op it strân wol wat dwaan.’