It libben sels
(1997)–Piter Boersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 129]
| |
[pagina 130]
| |
Dette hie gelyk. Ik bin sljocht op Paprika Sjips. Ik fal op har. Se is de jongste dochter fan Richt, myn fjirde frou. Se is njoggentjin. Se is moai. Se is aardich. Wy kinne goed mei inoar. Itselde wat Dette yn myn stim hearde wie Richt ek opfallen. Se sei altyd tsjin my: ‘Ik fertrou dy wol, mar ik hâld der net fan om dy mei har allinne te litten.’ ‘Wêr sjochst my foar oan,’ sei ik dan, ‘tinkst dochs net dat ik in hân nei har útstekke sil.’ Mar Richt sei dan dat Paprika Sjips my yn 'e ferlieding bringe koe. ‘Nee, hast gelyk,’ sei ik tsjin Dette, ‘mar hoechst nearne oer yn te sitten.’ ‘Hoesa net?’ ‘Ik libje mei in bôge om har hinne.’ ‘Dyn stim ferriedt dy.’ ‘Net as ik mei har praat, dêr stek ik de hannen foar yn it fjoer.’ ‘Ik hoopje it foar har.’ Ik tocht oan alle kammeraadskiplike tuten dy't Paprika Sjips my jûn hie doe't wy noch ûnder ien dak wennen. Ik ha har allinne mei jierdeis en sa in tút jûn en ik ha noai in earm om har hinne slein. Ik ha my altyd ynhâlden. Dat sei ik tsjin Dette. ‘Bist geweldich,’ sei se, ‘en ast no dyn stim ek noch gewoan klinke litst ast it oer har hast is it hielendal klear. Witst, soms as ik mei dy frij hear ik dy klank ynienen en dan wol ik dy wol fermoardzje.’ Ik gong yn it finsterbank sitten. Ik hie ôfgryslik sin oan Paprika Sjips, mar hoe koene Dette en Richt no tinke dat ik it yn 'e holle krije soe om oan har te kommen of se soe my yn har earmen stoarte moatte. Ik stelde it my foar. Nee, ik koe my net foarstelle dat de hikke dan wol fan 'e daam komme soe. |
|