bychtstoel
Ik bin fan hûs út roomsk. Doe't ik noch nei tsjerke ta gong, oan myn tweintichste ta ûngefear, liet ik my altyd meislepe troch deselde fantasy.
Ik wie in jonge pastoar fan om en de by de tritich en wie oan it bycht ôfnimmen. Ik hie it atletyske stal en de útstrieling fan firiliteit en wyldens fan in kuorballer fan in feriening by ús út 'e buert - foar en nei de wedstryd rûn er altyd om mei in famke op 'e nekke. Ik hie neat oan ûnder 'e swarte toga. Myn favorite froulju en famkes ferskynden by my yn 'e bychtstoel.
De frou fan 'e timmerman wie in lekker rûkende dame mei maskara en lippestift op. Ik naam har de bycht ôf mei de noasters wiid iepen en ferdwûn yn har rook.
Anneke Jorna hie sokke iepen strieljende en opitende eagen dat ik har net oansjen doarst. Yn it tsjuster fan 'e bychtstoel boarre ik myn eagen yn harres.
Klaske Hettinga hie in hearlike geile stim. Ik harke nei har sûnder te hearren wat se sei. Ik fielde har lûd oeral.
De frou fan Auke Sinnema hie in hûd fan flewiel. Wylst ik har de bycht ôfnaam feroare myn neakenen hûd ûnder 'e toga yn harres.