frosken
It is no al de sechsde jûn dat Dette nei de frosken harket. Dat docht se altyd as dy bisten har wer hearre litte.
‘It is it moaiste wat der is,’ seit se, ‘in mearke.’
Se giet nachts ek wolris fan it bêd ôf om nei it kweakjen te harkjen.
En nei't se harke hat wol se frije, teminsten dat wie sa, want se hat no noch gjin ien kear merke litten dat se wat woe. Justerjûn stuts ik de hân nei har út om te sjen hoe't se reagearje soe.
‘Hoechst der net op te rekkenjen,’ sei se, ‘ik wol hiel graach frije, mar net mear mei dy. Gean do mar yn dyn finsterbank sitten.’
Foar't se niis wer bûten sitten gong te harkjen sei se: ‘Datst it mar witst, ik ha jûn in man útnoege, want ik hâld it net mear út.’
‘Wa?’
‘In prins. Ik ha him frege om my op te heljen. Wat seist dêr fan?’
‘Wolst dat ik stikeltried foar it finsterbank slach?’
‘Allinne mar om mei my op bêd te kinnen? Wêr hast dyn ferstân?’