ûntefreden
Dette wie ûntefreden. Se rôp fan alles: ‘Ik wol yn in Rolls Royce ride. Ik wol in karavan ha. Ik wol mei fakânsje nei Hawai. Ik wol fan it iene djoere hotel nei it oare reizgje, de hiele wrâld oer. Ik wol yn in prachtich hûs oan in berchmar wenje. Ik wol by it keapjen fan nije klean net mear op hûndert gûne hoege te sjen. Ik griis fan myn libben, it is sa lyts en bekrompen. Dat hat it altyd west, mar no moat it oars. Ik fyn mysels net moai. Ik wol in oare man ha. Ik woe dat ik yn 'e santjinde ieu libbe en de nije mêtresse fan 'e koaning wie.’
‘Ik ha in útstel,’ sei ik, ‘sille wy de auto pakke, op in terras sitte, yn in sjyk restaurant ite en de nacht trochbringe op in hotelkeamer.’
‘Nee,’ sei se, ‘krekt as soe dat helpe.’
‘Wat wolst dan?’
‘Neat.’