in wrâld op himsels
Ik bin krekt út it doarp wei thúskommen. Dette is in pear dagen nei in freondinne ta. Sneon is se ôfset. It is no moandei. Ik ha hjoed frijnommen om't ik net mear yn beweging komme koe nei twa dagen allinne. Ik tink hieltyd mar, dat as ik net wer fan it hiem ôfkomme soe en Dette net werom, soe ik dan oait wer in mins sjen? Wêrom soene de buorlju en oaren út it doarp by my komme, wêrom myn bern? Wêrom myn kunde? Ik koe my net foarstelle dat der minsken wiene dy't it yn 'e holle krigen om nei my om te sjen. Ik siet mei in beroerd gefoel yn myn finsterbank: ik wie in wrâld op himsels en ik wie safier dat ik ek net mear oars woe. Doe rûn ik it doarp yn om in praatsje.
‘Wêr is Dette?’ waard my frege. Wy kuieren altyd tegearre. ‘Dy is in pear dagen fuort.’
‘No, dat befalt wol tink, it ryk even allinne.’
‘Nee.’
‘O, ik hie tocht, datsto dêr wol oer koest.’
‘Nee.’
‘Dan moatst har net wer gean litte.’
Ik rûn nei hûs ta.
En no skink ik my yn.