wer de bergen yn
Ik woe wer de bergen yn en gong yn it finsterbank sitten.
Se wiene der. Se wiene reusachtich, donker en makken de yndruk dat it der kâld wie. Se hiene reade en pearse rânen.
It wie huverich waar, krekt wat ik noadich hie.
Ik hie in hekel oan mysels, in ôfgriis fan myn fleis en bloed, fan it murch yn myn bonken.
Ik woe noait wer mei in frou op bêd.
Myn geast sangere wol, mar myn lichem sangere mear. In frou wie foar my har liif, har gesicht, har earms, har skonken.
Mar ik woe it net mear. Ik soe no stribje nei selsbehearsking.
Ik soe myn fleis en myn bloed feroarje yn stien.
Ik rôle fan it finsterbank ôf, by de wâl del it sleatsje yn, troch it sleatsje, by de wâl op, it lân troch en by de bergen op oant boppe de beamgrins.
De loft wie swart, de bergen kleuren swart.
Der stie in hurde, kâlde wyn en it reinde fûl.
‘Myn lichem is in stien,’ sei ik.
Ik rôle fierder omheech. De loft waard griis, de bergen wyt.
Ik rôle oer iis en snie en bleau boppeoan lizzen. Ik lei op 'e top fan in etearyske wrâld.
Myn lichem is in stien, hâlde ik fol.
‘Wêr hast west?’ sei Dette doe't ik de hûs yn kaam.
Ik joech gjin azem.
‘Sit der gjin libben mear yn dy? Sis wat.’
Ik joech gjin azem.
‘Deadeling,’ sei se.
‘Ik bin in stien,’ sei ik.
‘Do bist gek,’ sei se.