It libben sels
(1997)–Piter Boersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 119]
| |
[pagina 120]
| |
al binne se út it eachpunt fan 'e oanmerker wei sjoen ek hûndert kear terjochte. Ik ha in kwaal. As ien oanmerkingen op my hat begjin ik as ik slim yn 't nau brocht wurd oanmerkingen werom te meitsjen. Myn eardere froulju hiene op in stuit oanmerkingen op my. Dette is dêr sûnt koart ek mei begûn. Myn earste frou ferwiet my dat ik noait wat foar har die en my yn ús ferkearingstiid moaier foardien hie as dat ik wie. Ik joech har werom dat se gjin belangstelling foar my hie. Myn twadde frou fûn dat ik tefolle kofje dronk. Ik sei tsjin har dat it my sa teloarstelde dat se noait in flesse wyn mei my leechmeitsje woe. Myn tredde frou sei dat ik stonk. Ik smiet har foar de fuotten dat se my dan wol mei har pantys betsjoende, mar dat se noait parfum op hie. Myn fjirde frou ferwiet my dat ik it sa netsjes yn 'e hûs ha woe. Ik blafte har yn it gesicht dat ik fan har griisde omdat se har skuon noait poetste. Dette seit dat ik krekt in bern bin. Ik sis tsjin har dat se in eigenwiis kring is. Mar ik kin it by einsluten noait by ferbale reaksjes litte. Ik wol dan noch mar ien ding: myn tsjinspylster fergrieme, om't ik it gefoel krij dat ik lytsman makke wurd. Ut machteleazens hie ik foar de gewoante krigen om myn earste frou yn 'e sleat te smiten as se tsjin my begûn. Myn twadde frou plakte ik de mûle ticht as it safier wie. Myn tredde frou treau ik mei de holle yn 'e jiskeamer. Myn fjirde frou flibe ik ûnder. Ik wit net wat Dette te wachtsjen stiet. Miskien smyt ik har wol tsjin 'e muorre. |
|