‘Binne se moai?’ róp ien fan 'e manlju tsjin my.
De froulju, mei Dette foarop, seagen myn kant út, hellen de noas op en krûpten wer mei de koppen byinoar. Ik besocht om my neat fan harren oan te lûken en hope dat der in frou foarbykomme soe dêr't myn eagen oan fêstklibben, sadat ik achter har oan rinne moast.
‘Doe ha se it my ferteld’, sei Dette.
‘Mar do bist de earste dy't my in seksmaniak neamt.’
‘No, en?’
‘Nee neat.’
‘Ik ha dy noch noait yn sa'n boek lêzen sjoen.’
‘Soest wolle dat ik by dy oan 'e keukenstafel yn sa'n boek siet?’
‘Bist gek? Meist der om my yn lêze, mar net dêr't ik by bin.’
‘Dat wist ik wol.’
‘Mar wêrom hast se my noait sjen litten? Litst my altyd wol oare boeken sjen. Skammest dy foar dyn leafhawwerij?’
‘Nee, mar ik ferwachte al dat it dy net nei 't sin wêze soe. En ik hie gelyk, want no fynst my in seksmaniak.’
‘Hiest ek tinke kinnen dat ik dy boeken miskien ek wol moai fine soe. Wat witsto der eins fan wat my allegear opwynt?’
‘Wolst dat ik se hjir yn 'e keuken delset? Moat ik se oeral yn 'e hûs dellizze?’
‘Soademiterje op.’
Ik gong yn myn finsterbank sitten.
It wie sa, ik doarde net mei myn leafde foar eroatyske literatuer foar it ljocht te kommen. Ik siet der net yn te lêzen dêr't Dette by wie, ik lies dy boeken net yn 'e trein. Mar dat wie logysk. Frije docht men ek yn it ferburgene.
Dat sei ik letter tsjin Dette.
‘Ik gean oer myn nekke,’ sei se.