Ik ha yn 'e rin fan myn libben yn alle gefallen de folgjende persoanen deadien.
De earste wie de polysjeman dy't by ús op it streekje wenne. Hy bestie it om my yn 'e broek pisje te litten en in draai om 'e earen te jaan doe't er syn soantsje en my betrape doe't wy inoar de pimel sjen lieten.
De twadde wie de pastoar dy't my yn 'e klasse mei de oan-wiisstok op 'e fingers sloech om't ik de hannen net op 'e bank hie en hy dêrút konkludearre dat ik der mei oan myn geslacht siet. En hy stjoerde my nei de kraan om 'e hannen te waskjen.
En de heit fan it fanke dat ik oerhelle hie om har út te klaaien en dêr't ik neaken op lein hie en dy't by myn heit en mem syn beklach oer my dien hie. En dat fanke om't se it oan har heit en mem ferteld hie.
It fanke dat mei heechhertich oanseach doe't se troch hie dat ik de earm om har hinne slaan woe.
Dy eigenwize fint dy't alle famkes krije koe en tsjin my sei dat er net tocht dat se wat yn my seagen. Ik soe neffens him lang sykje moatte.
Alle jonges dêr't de famkes op foelen dêr't ik op foel, mar dy't neat fan my witte woene. En al dy famkes.
De jonge dy't tsjin my sei dat er altyd it idee hie dat ik gjin bern oansette koe.
De leararen en letter oaren dy't my mei rjocht en reden oer myn hâlden en dragen geweken namen.
Lju dy't my net lije mochten.
It soe my neat fernuverje as de hiele wrâld my nei it libben stiet, dat steltsje deaden, ik sil har deadwaan.
De froulju dêr't ik mei troud west ha ha ik alle fjouwer deadien, mar dêr hie ik fuort dêrnei altyd spyt fan. Harren koe ik net haatsje.