fuortkrûpe
‘Al fiif kear troud,’ sei Dette, ‘en al wer sljocht op in oarenien, want dat gefoel ha ik en dan ek noch hieltyd net dat frommes ferjitte kinne dêr'tst it dûnsjen mei leard hast en dat frommes dêr'tst suertsjeferkearing mei hân hast. Wat bisto foar ien?’
Ik sei: ‘Der komt allinne dit by my op, doe't ik yn it lêste jier fan 'e legere skoalle siet krûpte ik faak fuort, earne achter in hok, earne yn 'e boskjes, yn in beam, yn in gat, yn in ûnderwâl, om't ik bang wie dat der noait in famke wêze soe dy't ferkearing mei my ha woe. In pear jier letter griep ik elke gelegenheid oan om mei in famke te tútsjen, ek al fielde ik dat se noait ferkearing mei my ha wolle soe. Ik bin noch altyd oan it fjochtsjen tsjin 'e oanstriid om fuort te krûpen. En wilens besykje ik troch te gean foar in folwoeksen minske.’
‘Ik bin mar in faze yn dyn libben,’ sei Dette, ‘no, it is moai, mar ik hie it witte kinnen. Ik bin in suffert.’
‘Nee,’ sei ik, ‘ik foel op dy en do op my. Dêr is neat mis mei.’
‘Dat is nochris folwoeksen praat,’ sei se, ‘sa kin ik dy.’