Afke
Afke skille juster. Dat wie foar it earst sûnt hast in jier. Ik ha har yn dy tiid miskien trije kear skille.
Se sei: ‘Ik bin wer skieden, mar ik sil ek al wer trouwe. Mem wie min te sprekken en sei, dat ik op dy like.’
‘Hast har ek krekt skille?’
‘Ja, en no skilje ik dy.’
‘Ik giet mâl mei dy.’
‘Ik kin hurder as dy ast dat bedoelst.’
‘Bist trijentweintich, net?’
‘Ja.’
‘En dan al foar de tredde kear trouwe. Bist in baas.’
‘Ik stin yn alle gefallen net skoften tsjin 'e dingen oan sasto altyd dochst. Hoe lang bist no al wer troud?’
‘Twa jier al wer.’
‘En hoe lang hast no al wer in plak foar dysels.’
‘Och.’
‘Sis mar neat. En wêr is it dizze kear?’
‘Yn it finsterbank.’
‘Hoe betinkst it. En wa fan jim beiden slacht mei in oaren om?’
‘Safier is it noch net.’
‘Mar dat driget wol.’
‘Wat wolst eins?’
‘Dy wat narje.’
‘Mei watfoar man silst no trouwe?’
‘Ik sykje hieltyd wer in rikerenien út en ien sûnder bern.’
‘O.’
‘Ja, wat dat oangiet bin ik gelokkich folle snoader as dy.’