‘Dêr sit ik net oer yn.’
‘No dan. As de muzyk aanst wer begjint gean ik nei har ta.’
‘Ik fyn dit net aardich.’
‘Sis mar tsjin 'e minsken dat Jet en ik âlde kunde binne.’
‘Mar jimme dûnsje aanst elkenien fan 'e flier ôf.’
‘Alles hinget fan dy ôf,’ sei ik, ‘en rekkenje mar sa, do hast har krigen, ik net.’
De drummer joech in roffel. As op kommando rûn ik nei Jet ta.
‘Ik hie noait tocht datst it dwaan soest,’ sei se.
‘Dyn man wol.’
‘Wat sei er?’
‘Dat er der jierren op wachte hie.’
‘Mei de hel yn, ja.’
‘Dat hat er dan net echt merke litten. Mar sille wy los.’
De muzyk wie al begûn en de flier al aardich folstreamd. Alles oan Jet wie sa as earder en binnen de koartste kearen ferkearde ik yn in sillige dronkenskip en weage ik it om har yn 'e draaien op bepaalde mominten dy't har dêr foar lienden ticht tsjin my oan te heljen sadat ik tsjin myn boarst har boarsten en tsjin myn rjochterbil har rjochterbil fielde.
Se liet it ta, gong der sels yn mei, mar sei wol: ‘It is smoarch watst dochst.’
‘Ik wol sa mei dy dûnsje dat wy aanst opstige nei de nok fan 'e tinte.’
‘En dan deldonderje, ja. Ik sil mar net sizze wat ik tocht.’
‘Do tinkst, ik hoopje net dat er aanst ek noch sa gek wurdt dat er mei my nei bûten ta wol.’
‘Stil no mar,’ sei se.
Wy smieten de holle achteroer en dûnsen fantastysk moai, mar ek as gekken. En wat Jet har man al foarsein hie barde, de oare dûnsers makken romte foar ús.