It libben sels
(1997)–Piter Boersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 108]
| |
[pagina 109]
| |
frou. Klaas wie in maat fan earder dagen. Justerjûn ha se by ús west. Ik hie harren spontaan útnoege om't ik fuort fallen wie op syn frou. Dette hie dat daliks wol trochhân, mar justerjûn foar't de besite kaam liet se dat pas blike. Se sei doe: ‘No hoopje ik net dat jûn allinne dy frou foar dy bestiet.’ Ik sei: ‘Wa bestiet der foar dy asto jûns nei it wurk net daliks thúskomst.’ ‘It giet my om 'e gesellichheid,’ sei se, ‘want ik doar te wedzjen dat ik dy maat fan dy samar by my yn it bêd ha as ik wol en dat dy dat mei syn frou yn der ivichheid net slagje sil.’ Doe ried der in auto it hiem op en dêr kamen se út. Ik hie foaral omtinken foar de stevige mar prachtich foarme skonken fan de frou. Se wie in grutte folslanke ferskining, mei stevige boarsten en heupen, mar it wie foaral de balling fan har kûten dy't my oerrompele. Ik wie fan doel om de hiele jûn te wegerjen om de eagen der fan ôf te hâlden. ‘Sa'tst dêr no stietst te sjen,’ sei Dette, ‘soe ik dy mei alle leafde deasjitte wolle. Neffens my wolst no sels ek wol dea by de gedachte datst har dochs net krije kinst.’ Ik sei: ‘Se is blond, mar doe't ik har seach moast ik fuort tinke oan de frou mei swart hier en donker fel dy't ik in kear in eksklusive kapperssaak yngean sjoen ha, dy hie krekt sa'n postuer as har. Ik ha dy frou letter noait wer sjoen.’ ‘En no hast har aanst yn 'e foarm fan dyn maat syn frou by dy yn 'e hûs, aanst sitst tsjinoer har.’ Doe't wy harren der yn litten hiene wie Klaas syn blonde bom de earste dy't wat sei: ‘Dette, fynst it net slim dat wy hjir binne, no.’ ‘Ik freegje my wol ôf hoe't it jûn komme sil,’ sei se. | |
[pagina 110]
| |
Klaas sei dat syn frou har wol mear opmakke hie as oars om't er har ferteld hie dat it him by stie dat ik dêr ôfgryslik op foel, mar dat Dette fierders net bang hoegde te wezen foar grappen. ‘Wêr't it myn man om te rêden is dat witte wy wol, ja, dat lei foar it opskeppen, mar witst wol wêr't it my om te rêden is, Klaas? Ik bin sljocht op manlju en kin net fan harren ôfbliuwe. En ik bin dêrnêst slim jaloersk as myn man nei in oar sjocht. Ik hie it jûn sels sa tocht, ik gean mei dy op bêd, klau dyn frou de eagen út 'e kop en sis tsjin myn man dat er him koest hâlde moat.’ De jûn ferrûn bêst. Wy praten earst fjouweresom. En op 't lêst Dette en Klaas tegearre en ik en Klaas syn frou. Ik krige lykwols hieltyd mear hâlden en kearen mei mysels en op in stuit gong it mis. Ik seach nei Fenny har skonken en it slagge my net mear om op te gean yn ús konversaasje. Ik woe dat ek net mear. Klaas hie it troch en sei: ‘No giet it dochs noch de ferkearde kant út mei dy. Ik hie tocht datst der wol tsjin bestân wêze soest. Dyn hoefolste frou is Dette ek mar wer. Kom Fenny, it wurdt ús tiid.’ Dette sei: ‘Mar ik ha wol sjoen hoe't Fenny hieltyd de skonken oerinoar sloech. Se hie net sa pronkje moatten mei dy prachtige kûten fan har yn dy glânzjende pantys. Dan hie it wol goed kommen.’ By it fuortgean flústere Fenny my yn 't ear: ‘Moarn wol ik dy treffe.’ ‘Ik hear it wol,’ sei Dette, ‘mar gean jim gong. Klaas en ik ha ommers al ôfpraat foar fannacht.’ Doe't wy wer tegearre wiene bin ik yn myn finsterbank sitten gongen en Dette yn 'e keuken. Nei in pear oeren bin ik nei har ta gongen. Se lei mei de holle op 'e tafel en sliepte as in roas. Ik ha oan 'e moarntiid ta nei har stien te sjen. |
|