wiene net sliten, mar se stiene no sa fier fan my ôf dat se gjin ynfloed ha soene op myn hâlden en dragen. Mar doe't de ôfspraak makke wie koe ik net mear ophâlde mei te tinken oan Jetske en my doe't wy tolve trettjin wiene. Ik fûn ek dat ik der net mei ophâlde mocht, want ik moast trou bliuwe oan mysels. Ik fielde myn wanhoop, myn iensumheid en myn machteleazens fan doe, de waarmte en sachtens fan Jetske har wangen en de krêft en de linichheid fan har lea. Se wie grutter en steviger as my. Ik fielde har waarme siken en it op en del gean fan har boarst.
Ik wist ûnder 'e besite gjin rie mei mysels. Ik siet nêst Jetske op 'e bank. Us klean rekken inoar. Ik koe oan neat oars mear tinke.
Dette frege op in stuit: ‘Wat is der mei dy?’
Ik seach ferstuivere nei Jetske.
Dy sei doe: ‘Miskien tinkt er oan 'e tiid dat wy tolve trettjin wiene.’
‘Hoesa?’ sei Dette.
‘Doe hiene wy suertsjeferkearing.’
‘Dan siesto dêr ek oan te tinken,’ sei Jan, ‘hoe komst der oars op?’
‘Jetske hat gelyk,’ sei ik, ‘ik liet yn my omgean dat ik pas ticht by mysels bin as ik oan 'e jonge tink dy't ik doe wie. Ik kin der bygelyks hast net ta komme om dit hûs op te knappen. Wêrom sil ik it oereinhâlde? Wat is der eins dat my genôch seit? Alles wat ik doch makket my as ik earlik bin wanhopich.’
‘Silst dochs wol wat wolle?’ sei Jan.
‘Ja, it ûnmooglike,’ sei ik, ‘sa as no soe ik wolle dat Jetske by my bliuwt.’
‘Ik leau dat ik gek wurd,’ sei Dette, ‘Hoe âld bist?! Soks sis je dochs net. Dêr hâld je je oer stil. Wy sitte hjir meimoar as fjouwer folwoeksen minsken.’