fan it fanke dêr't ik op dûnsles altyd mei dûnse. Dy wiene fantastysk rûn, linich en sacht. Werklik wier, ik stoar even fan langst.’
‘Dat wie dúdlik, ja. Fynst my sa stiif as in doar fansels.’
‘Hielendal net. Do dûnsest goed. Wy draaie ommers dat it sawat docht.’
‘Wy stean stil. Mei my dûnsje is foar dy surrogaat.’
‘Net allinne mei dy. Sa as mei dat fanke fan dûnsles ha ik noait wer dûnse.’
‘Hast noait wer mei har dûnse?’
‘Nee, wylst dat wol kinne soe. Se wennet hjir net fier ôf. Ik bin wol ris troch it doarp kommen dêr't se no wennet op in jûn dat it dêr merke wie. Ik ha doe even mei de gedachte spile om de tinte yn te gean om mei har te dûnsjen. As se my dêr sjoen hie wie se miskien wol nei my ta kommen.’
‘Wêrom bist net mei har troud?’
‘Ik wie wol sljocht op har, mar sy net op my. Goed meiinoar dûnsje kinne is yn dat stik fan saken fan gjin belang. En dat is foar my ellindich, want der is gjin frou dêr't ik sa'n smjucht op ha as in frou dêr't ik hearlik mei dûnsje om't se in linige heupbeweging oer har hat, mar oant no ta hat sa'n frou har noait oan my fêstklamme, wylst se wol altyd sizze dat se sa hearlik mei my dûnsje.’
‘En ik dan?’
‘Dat wit ik net.’
‘Mar wy dûnsen dochs en myn heupen skine dy net raar oan te kommen. Wy kinne wer dûnsje. Mar ik wol earst wat witte. Dûnsje mei my is surrogaat foar dy, mar dat ik my oan dy fêstklamje is dat ek surrogaat?’
Ik lei de hân op har heup, Dette sloech de holle achteroer en lake en wy dûnsen dat it sta sei.