oare dingen út myn bernetiid
Sa gong it juster.
Ik sei: ‘As wy oan it fuotbaljen wiene en de oaren seine dat ik gemien wie dan sloech ik de jonge dy't it yn it doarp foar it sizzen hie foar de harsens.’
Dette bûgde har oer de keukenstafel hinne, aaide my oer de holle en sei: ‘Fertel noch ris wat yn dy trant.’
‘Ik wie perfoarst gjin held, mar ik sette my altyd te skoar: ik dûkte lykas de oaren fan 'e Hege Brêge, ik swom de mar oer, ik wie de earste dy't op redens de feart út gong, ik besocht by it polskespringen altyd oer in noch bredere sleat hinne te kommen, ik rûn oer de naal fan 'e tsjerke, ik hie altyd in famke oan it hantsje.
By it hofkesjongen oerwûn ik al myn eangsten en ik lei it der altyd op oan dat de eigeners fan 'e fruchtbeammen my seagen. En dan naaide ik net gau út, mar kuiere ik rêstich fuort, dage ik harren út om my te pakken en in skop ûnder 'e kont te jaan.
As ik it net mei de master iens wie dat er my straf joech sette ik it mâl yn 'e kant en stuts ik de fûst nei him op.
Minsken dy't ik net lije mocht seach ik rjocht oan en sei harren op strakke toan de tiid fan 'e dei.
Dette sei: ‘Ja, dat wie doe. Mar ik ha dy sa leaver.’
Se sprong oerein en begûn my op 'e holle te slaan. Ik wie in peal ûnder de slaaie.