komst op my?
Doe't ik dy earste kear fuort mei Dette op bêd gong en ûnder 'e frijpartij tsjin har sei: ‘Komst op my?’ sei se: ‘Graach, mar moatst my earst fertelle wêromst dat wolst?’
Ik skytskoarre der tsjinoan om mysels bleat te jaan, mar Dette sei: ‘Ast it net seist doch ik it net.’
‘Myn eks-frou woe allinne ûnder my lizze.’
Dette kroep op my en doe't wy útfrijd wiene sei se: ‘Witst, ik bin sa gelokkich mei dy, myn eks-man woe my allinne mar ûnder him ha. O, jonge, wy passe inoar krekt.’
It is no safier dat Dette altyd op my wol. Se wol hast net dat ik op har kom en al hielendal net as sy earst op my west hat, dan wol se neat mear fan my witte. As ik dan trochset seit se: ‘Doch it dan mar, mar ik doch neat mear, want ik fyn it ferskriklik.’
Ik sis wol ris tsjin har: ‘Do slachst troon.’
‘Hâld dy stil,’ seit se dan, ‘asto my meinimst oer de sleat gean ik dochs altyd ûnder dy lizzen en dan ha wy it dochs allebeide goed.’
‘Mar krekt dan wolst noait op my.’
En dan seit se: ‘No, en?’
Dy diskusje hiene wy justerjûn ek wer en doe sei ik: ‘Sille wy it dan aanst op 'e keukenstafel dwaan ynstee fan der ûnder?’
Se kearde my ferûntweardige de rêch ta.
Ik wit net hoe't it jûn komt.