foar noch tsjin katten. Se lieten har ûnferskillich.
Ik sis as it sa útkomt tsjin har: ‘Moatst net krekt dwaan as bin ik in kat.’
‘Bist in kat,’ seit se dan, ‘bist in kat yn it finsterbank.’
As wy inoar oanhelje byt ik Dette altyd boartlik yn 'e fingerseinen. Se seit dat ik it leafst in liuw of in tiger wêze woe. Dêr hat se gelyk oan. Ik tink oan liuwen, tigers en panters as ik nei myn katten sjoch.
Ik bin der sljocht op as Dette my begjint te biten en te klauwen. Dat docht se as se net wol dat ik oan har sit. Dan is se krekt in wylde kat.
Ik ha it eins net op wylde katten stean. Ien kear is in jonge kat dy't wy ús oanskaft hienen my oansprongen. Wy hiene him fan in in boer en it bistke hie al te lang it frije libben op 'e golle en de heasolder preaun om noch yn in boargerhûs wenje te kinnen. Hy siet op 'e boppeste planke fan 'e kast te blazen. Ik hoegde gjin stap tichterby te dwaan en doe't ik dat mei in úsprate krante yn 'e oanslach al die sprong er. Hy kaam tsjin 'e krante oan, spatte fuort en fleach de gerdinen yn. Wy ha him útnaaie litten en noait wer sjoen.
Ik hâld fan myn katten om't se troch my aaid wurde wolle, om't se by my op 'e bank krûpe, om't se iten en drinken fan my ha wolle.
As ik wat doch dat se net wolle blaze se en stekke se even de klauwen út. En dan lit ik it graach.
Ik hâld fan harren om't se har eigen gong gean, om't se fan har sels binne.
Ik ha hjoed wat op it hiem omrûn, hjir en dêr wat sitten en wat lein, yn 'e sinne en yn it skaad, wat iten en wat dronken, wat sitten te sjen, sa as myn katten. Dette ek, mar ik hoegde mar nei har te sjen of se waard wyld.