skoppe tsjin 'e doar
‘Wat hat dyn frou?’ sei myn kunde, ‘ik seach har op krukken rinnen.’
‘Se hat de tean stikken.’
Hoe't dat koe? woe er witte.
Ik rûn by myn kunde wei. Ik woe net lige, mar de wierheid skamme ik my foar.
Myn kunde rûn achter my oan.
‘Wat no,’ sei er, ‘wolst my in moai ferhaal troch de noas boarje?’
‘Okee,’ sei ik, ‘ik sil it dy sizze. Se skôp fan lilkens tsjin 'e doar, dat wol sizze se skôp der trochhinne.’
Myn kunde lei fuort dûbel en sei: ‘Om dy foar te wêzen, tink.’
‘Of skopsto ek tsjin 'e doar as it dy net nei 't sin giet?’ sei ik.
‘Nee, ik skop dan stuollen om.’
‘Dette wie my te fluch ôf, ja. Ik waard der kjel fan. Se raasde tsjin my: ‘En no hâldsto dy yn, der is hjoed mar ien dy't tsjin 'e doar skopt en dat bin ik.’
It die bliken dat se fan ien fan myn eardere froulju heard hie dat ik in kampioen doarskopper wie.
It is wier. As ik it net mei wurden rêde kin begjin ik tsjin in doar oan te skoppen en om't ik dat wit ha ik altyd skuon mei stevige snuten. It leafst doch ik oanfal op paneeldoarren, want dy panelen dêr kin men trochhinne wâdzje. Letter moat ik se dan wol wer meitsje. Mar ek dat befrediget my.
Mar no hie Dette my foar west. Ik bewûndere har der om en ik mocht de doar wer meitsje fansels.