goerie
‘Nim ris goerie oan,’ sei Dette tsjin my doe't wy fredich ûnder 'e appelbeam sieten te iten.
It wie wer safier. Dette har foargongsters hiene it op 'n stuit ek tsjin my sein en allegear ek ûnder iten as it fredich wie.
De goerie fan myn earste frou wie: ‘Do soest dy ris tsjin in oar uterje moatte, dêr soest fan opknappe.’
Dy fan myn twadde frou wie: ‘Gean earne by. Dat wiest earder ek.’
Dy fan myn tredde frou: ‘Soest dyn boppekeamer ris neisjen litte moatte.’
Dy fan myn fjirde frou: ‘As ik dy in goeie rie jaan mei gean dan mei my yn houliksterapy.’
Myn fyfde frou sei juster: ‘Soest ris nei dy sels sjen moatte. Hoe'tst altyd dochst.’
Neffens har bin ik agressyf, ûngeduldich, eigenwiis en absolút net aardich en wurdt it tiid dat ik ris goed ûnderúthelle wurd. Dêr soe ik fan opknappe.