de mûle yn
De mûle fan in frou as se der wat lekkers yn stekt is it moaiste wat der is. De lippen rûnje har, it lekkere glidet nei binnen ta en de mûle priuwt en kôget mei gefoel. Ik fiel in hearlike tinteling as ik de mûle en wangen bewegen sjoch.
Foar Anke, myn earste frou, kocht ik kersen.
Foar Els, myn twadde frou, mandaryntsjes, dy't ik foar har skylde en yn fearntsjes parte.
Tet, myn tredde frou, hâlde fan truffels.
Richt myn fjirde frou, fan ierdbeien.
By de tredde kear dat ik it lekkere foar harren meinaam sei ik dat ik ek sa troch harren opiten wurde woe. Ik woe harren mûle yn, troch harren preaun wurde en foar ivich yn harren ferdwine.
Myn earste en tredde frou fûnen my net botte orizjineel, it idee wûn harren net op. Se seine: ‘Do tinkst mar watst wolst.’
Myn twadde en fjirde frou fûnen it pervers en banaal dat as sy wat lekkers yn 'e mûle stutsen ik dêr achteroan woe. Ik koe neffens har mar oan ien ding tinke en hoegde it net yn 'e holle te krijen om wer wat foar harren mei te nimmen.
Juster hie ik foar de tredde kear pralines meinommen foar Dette. Doe't se in pear op hie sei ik: ‘Ik wol ek graach troch dy opiten wurde.’
‘Dat wit ik wol,’ sei se, ‘ik wit hoe't manlju binne. Mar it kin om my wol. Kom hjir mar, ik wol dy graach feroarje yn in moaie stevige keutel. Dat is foar my it summum fan gelok. Jonge, do hast der gjin weet fan wat der yn 'e holle fan in frou wol net omgean kin.’