wanhopich
Dette en ik sieten juster op 'e seedyk.
Ik hie leaver wat oars dien. Ik wie wend dat de see my optilde, mar de lêste tiid sloech er my del.
Dette kaam oerein en rûn nei ûnderen ta. Doe't se dêr wie rop se my. Ik gong nei har ta en wy stapten op har útstel in golf-brekker op en rûnen him hielendal út.
‘Hast noch net wat sein salang't wy hjir binne,’ sei se.
Ik joech har in tút.
‘Hâldst net mear fan 'e see?’ sei se.
‘Hy seit my neat op 't stuit.’
‘Wolst der soms ynspringe?’ sei se.
Ik reagearre net.
‘De romantyk is der foar dy ôf,’ sei se.
‘Dat yn alle gefallen.’
‘Mar dochst dysels net tekoart.’
‘Ik wol net dea,’ sei ik, ‘dat witst.’
‘Ja, dat is dyn sechje,’ sei se.
‘Do beslachst it mei de gek.’
‘Ik sis wêr't it op stiet.’
‘Ik bin net moedich op 't heden,’ sei ik.
‘Do moatst sjen datst oan it laitsjen rekkest,’ sei Dette, ‘wat seist, sille wy ús dealaitsje?’