it paad tsjinkamen groete se my altyd freonlik en fleurich. Mar ik doarst de kant fan 'e hingmatte net út te sjen.
De earste kear mei Els en de bern hie ik my ferliede litten troch in frommeske.
‘Ik rin jûns altyd in ein,’ sei se en se fertelde my wêr't ik har treffe koe.
Doe't wy de oare jûns oerein skarrelen sei se: ‘Ik wol dit alle jûnen wol.’
Wy ha inoar yn dy fakânsje noch fjouwer kear sa troffen.
De folgjende trije jier wiene wy wer op 'e selde kemping. Dat woe Els, dy hâlde wat dat oangiet net fan feroaring. It frommeske wie der alle kearen ek wer mei har húshâlding, mar ta myn spyt noege se my net wer út.
Mei Tet en de bern ha ik sân kear nei in eilân ta west. Wy wiene dan fjirtjin dagen achterinoar op it strân. Dat betsjutte foar my fjirtjin dagen nei frouljusfleis sjen. Ik woe der net nei sjen, mar ik koe it deagewoan net litte.
Mei Richt en de bern sieten wy altyd yn in appartemint oan 'e Middellânske See. It earste jier moast ik hieltyd tinke oan 'e frou dy't ik de earste dei by in benzinestasjon sjoen hie, it twadde jier oan it frommeske dat ik op 'e hinnereis doe't wy yn in stêd foar it stopljocht wachtsje moasten ta in rút út hingjen seach, it tredde jier oan de frou dy't ús op 'e hinnereis betsjinne op in terras, it fjirde jier oan it frommeske op 'e fyts dat ik by it ôfslaan foarrang jaan moast.
De earste kear dat ik mei Dette op fakânsje wie koe ik de eagen net ôfhâlde fan 'e resepsjejuffer fan it hotel. It twadde jier woe ik hieltyd om 'e selde tiid nei deselde bar ta om stikem nei in frommeske te sjen dat dêr ek hieltyd wie. Dit jier woe ik hieltyd troch itselde strjitsje rinne om nei it famke te sjen dat dêr betsjinne yn in ijskosaak.