It libben sels
(1997)–Piter Boersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 86]
| |
[pagina 87]
| |
Mar as ik tink oan wat ik noch allegear wol wurd ik ûnrêstich. Wat sil ik earst dwaan en wat dêrnei? En ik kom ta it ynsjoch dat net alles kin, dat ik kieze moat. De gong fan myn gedachten is altyd deselde. It lêste wat ik tink is altyd, it is allegear bespotlik wat ik wol, it is allegear banaal. Dat tink ik om der fan ôf te wêzen. Want de feiten binne sa te sjen: ik bin as it der op oan komt tefreden mei in bytsje, ik hoech as it der op oan komt net safolle, sa no en dan wat dreame, sa no en dan in fersetsje, dêr doch ik it mei. Ik wol nochris dwarstroch Amearika reizgje. Ik wol nochris nei de Súdsee ta. Hie ik mar in mêtresse yn Parys en in konkubine yn Egypte. Ik wol mei in kapmes troch it oerwâld fan Borneo. Ik wol de binnenlannen fan Sjina sjen. Ik wol út it Brasiliaanske oerwâld wei yn in kano de brede mûning fan de Amazone út de oseaan op farre. Ik stel my dy dingen foar en se bringe my yn berûzing. ‘Wat is der mei dy?’ sei Dette juster, ‘wêr sitst mei dyn gedachten? Sjochst sa wyld. Fertel.’ ‘Ik sit te sjen nei de hege kont fan in grut seeskip dat it seegat út fart.’ Dette sei: ‘Ik wit ek net hoe't ik it soms úthâld. Sille wy jûn út te iten?’ En dat ha wy dien. En wy ha in buorrel dronken. En wy ha frijd. En meastentiids is it dan de oare deis wer rêstich yn my. Mar earjuster net. Ik waard der gek fan en ha de hiele dei yn 'e tún oan it wurk west, mysels hearlik ôfmêde. Doe't ik de jûns mei in pilske by Dette oan 'e keukenstafel siet en neat mear koe en woe wie ik yn 'e sande himel. |
|