It libben sels
(1997)–Piter Boersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 98]
| |
[pagina 99]
| |
ek net dwaan moatten doe't mem trouwe moast.’ Se iet in pûde mei sjips leech, smookte in sigaretsje en frege om in pilske. Ik brocht it har. Doe flokte se even en sei; ‘It is fansels wol stom. No ja, it sit yn 'e famylje.’ ‘Moatst net sa mâl,’ sei Richt. ‘Kin ik by jim yn 'e hûs bliuwe as it bern der is?’ sei se. ‘Fansels,’ seine Richt en ik. Gewoane Sjips is no twaëntweintich. Se is bussjauffeur. Se moat soms foar my wachtsje as ik yn 'e stêd in sebrapaad oerstek. Wy stekke dan de hân op en laitsje nei inoar. Trije jier lyn is se troud. ‘Ik ha in skat fan in man,’ seit se, ‘ik ha it leau 'k troffen.’ Richt is harren oppas. Se past op twa bern. Gewoane Sjips en har man ha ferline jier tegearre ek ien krigen. Juster kaam ik gewoane Sjips yn 'e stêd tsjin. Se fertelde my dat Richt ek al wer by Foppe wei wie. ‘Us mem is net wiis,’ sei se, ‘hoe lang is it no lyn dat mem en do skieden binne.’ ‘Hast trije jier.’ ‘En hoe is it mei dy en Dette?’ ‘Goed.’ ‘Hast net in plak dêr'tst altyd sitst?’ ‘Dat wol.’ ‘Ik mei dy graach lije, dat witst, mar ik bin bliid dat ik net mei in man as dy troud bin.’ ‘Hoesa net?’ ‘Wat in lijen.’ ‘Ik hâld en draach my oer it generaal aardich lykwichtich en ik kin ek wol wille meitsje.’ ‘Dat is krekt it ferriederlike oan dy,’ sei se. |
|