‘Wy húshâlde tegearre.’
‘Ja.’
‘Wy sjogge tegearre nei de televyzje. Wy kuierje tegearre.’
‘Ja.’
‘Wy ite en drinke tegearre.’
‘Ja.’
‘Wy gean tegearre om boadskippen.’
‘Ja.’
‘Wy fermeitsje ús tegearre. Wy gean tegearre nei moaie plakjes. Wy genietsje fan elkoar.’
‘Ja.’
Ik tocht oan 'e jûn dat Dette sei, dat se safier wie om mei my te trouwen. ‘Mar do en ik bliuwe fansels ek net altyd by elkoar,’ sei se doe. ‘Tink dêr noch mar net oan,’ sei ik. Se sei: ‘Ik kin altyd sels wer yn in hûs krûpe. Krekt as tsien jier lyn.’ ‘Wis.’ Se sei: ‘Dit is gewoan in aventuer, sa moast it sjen.’ ‘Ja,’ sei ik, ‘wy dogge net yngewikkeld.’
Dette tocht ek oan dat petear, want se sei: ‘Hast it sels sein, wy dogge net yngewikkeld.’
‘Wis.’
‘Mar do wennest hjir en ik sa'tsto seist yn 'e keuken.’
‘Ja.’
‘Wy ha beide ús eigen plak.’
‘Ja.’
‘Wy dogge wol yngewikkeld, fynst net.’
‘Doch net sa yngewikkeld,’ sei ik.
‘Kom dan no,’ sei se, ‘en doch net yngewikkeld, want ik hâld fan dy.’
Ik die it en sei: ‘Sjochst wol.’
‘Wat?’
‘Wy dogge net yngewikkeld.’