tsjerkhôf
‘Wat sille wy?’ sei Dette.
It wie snein. It wie op 'e middei. It wie moai stil simmerwaar. De sinne skynde kostlik. Ik wist dat yn 'e bouhoeke swiere roken fan it lân ôf kamen.
‘Nei in tsjerkhôf yn 'e bouhoeke ta,’ sei ik.
‘Do mei dyn deaden.’
‘It gers om 'e stiennen,’ sei ik.
‘O ja, dêr falsto op.’
‘En de hage en de beammen.’
‘En it grint dat skitteret yn 'e sinne,’ sei Dette, ‘fertel my wat.’
‘En it giele nôt op it lân en it bloeiende ierappellôf en de sipels en wit ik watje dêr allegear rûke.’
‘O ja?’ sei Dette.
‘En de stilte en de rêst,’ sei ik.
‘Do komst der ta dysels.’
‘En dêrom wol ik der hinne.’
‘As wy dêrnei mar nei de see ta gean.’
Wy rieden nei in tsjerkhôf ta boppe op in terp. Doe't wy der oer hinne rûnen sei ik: ‘Hjir libje ik.’
‘Goed,’ sei Dette, ‘ik slaan dy wol dea. Witst ik ha in moai hoart ferkearing hân mei in jonge dy't altyd mar wer besocht om my safier te krijen om mei him op it tsjerkhôf te frijen. Ik hoopje net datsto dy ôfwiking ek hast.’
‘Ofwiking?’
‘Ja, pervers fyn ik soks. En datst hjir hinne woest ek. En no wol ik nei de see.’
‘Om ús dêr dea te laitsjen?’
‘Nee, om te sykheljen.’