hoe faak bist sels al deamakke?
‘Wat is der?’ sei Dette.
Se siet by de keukenstafel. Ik wie krekt thúskommen en stie nei bûten te sjen.
‘Ik ha wer ien deamakke, ju.’
‘As it oars net is. Hoe faak bist sels al deamakke, tinkst?’
‘Withoefaak nim ik oan.’
‘Ast dat mar witst. Ik ha dy al withoefaak deamakke. Ik fermoardzje dy altyd mei in slachtersmes. Kom, fleurich op, de sinne skynt.’
‘Wannear makkest my dan dea?’
‘Ast gjin each foar my hast bygelyks, ast it perfoarst mei my dwaan wolst en gewoan trochsetst, wylst witst dat ik der gjin sin oan ha. Ik wit datst dat net graach hearst, mar ik sis sa't it is. Wat moat ik oars sizze?’
‘Hast gelyk, it is moai waar.’
‘Dat bedoel ik,’ sei se.
‘Mar ik soe dy wol deameitsje wolle,’ sei ik.
‘En ik dy wol,’ sei Dette, ‘en ast yn 'e krante sitten giest of yn it finsterbank of ast in hân nei my útstekst dan doch ik it.’
‘Ik wie lucht foar dy fint en ik hie gelyk dat ik him troch de holle sketten ha.’
‘Hiest gelyk, mar moatst no kofje foar my sette en by my sitten gean, oars snij ik dy yn stikjes.’