ik moat wach wêze
Ik sit yn myn finsterbank en sjoch út oer de greiden. Der wankt gjin gefaar, seit myn ferstân. Mar dochs soe ik it leafst fier fuort krûpe wolle. Ik moat wach wêze, want myn gefoel seit, dat de haat yn 'e minsken ek foar my ornearre is. As har each op my falt sille se my deadwaan.