boartersguod
Ik ha krekt besletten om boartersguod op 'e kop te tikjen en dat yn 'e hûs moaie plakjes te jaan. Boartersguod út 'e tiid dat ik sels boarte.
It earste dêr't ik oan tocht wie sa'n kleurich blikken ammerke om mei yn 't sân te boartsjen.
Ik bin fan doel om sa no en dan ris in útdragerssaak yn te rinnen en in slach oer de merk te dwaan by it twadde hâns guod lâns.
Ik sil sykje om sa'n ammerke, om in sânskepke, om bak-foarmkes, om swartbûnte aluminiumkij, om in brún aluminium-hynder, om in houten skimmelhynder op tsjillen, om in izeren trekker, om in dinkytoysauto, om in houten frachtauto, om in houten kraan, om in izeren kraan, om in mekanodoaze, om in blokkedoaze mei grutte blokken, ien mei lytse blokjes en ien mei kleurde.
Oeral yn 'e hûs komme plakjes dêr't wat stiet.
Ik wol my net ferlern fiele. Ik wol ynlikheid fiele en waarmte.
Mar no fiel ik my dûbel ferlern, want dat op 'e kop tikjen dat komt der fansels net fan.
Alhoewol, dat ammerke om mei yn it sân te boartsjen, dat moat slagje. En mear as dat ammerke ha ik dochs ek net noadich. Ik sjoch it foar my: in ljochtblau mei kleurige fiskjes fersierd ammerke en ik. It ammerke stiet op in lyts taffeltsje dat ik dêr apart foar oantúgd ha en ik stean der sa bliid as in bern nei te sjen.