it paradys
Ik gean hast altyd letter op bêd as Dette. Ik bin hast altyd letter op bêd gongen as de frou dêr't ik mei troud wie. Ik hâld der fan om nachts allinnich yn 'e keamer te sitten en nei muzyk te harkjen, wat te lêzen, wat te skriuwen, wat te drinken.
Dette is krekt as myn eardere froulju gjin nachtmins.
Se fynt it krekt as myn eardere froulju net slim dat ik net tagelyk mei har op bêd gean. Krekt oarsom, se is der bliid om, want op myn tredde frou nei, dy't hielendal net op bêd mei my frije woe, wol se krekt as myn eardere froulju noait daliks frije as se op bêd leit, of se wol it hielendal net, wylst ik sagau't ik mei har op bêd lis mei har frije wol, ek as wy it al yn 'e greide of ûnder de keukenstafel dien ha.
Ik gean eins letter as myn frou op bêd om dat gefjocht om daliks mei har te frijen út 'e wei te gean. Want ik gean pas op bêd as ik omfal fan 'e sliep en as ik dan nêst har lizzen gean doch ik dat mei de gerêststellende gedachte dat ik oer in tel sliep, dat ik net iens mear wol, dat it net hoecht, dat myn frou sliept en dat der no hielendal gjin kâns mear is op in frijpartij mei har. Ik lis by har, ik lis tsjin har oan, stil, rêstich, ik wol neat mear, neat mei har, neat hoecht mear, ik bin yn it paradys.