fragen, lit de dingen gewurde en freegje net, genietsje fan it libben.
Ik bin gjin alkoholist.
Ik ha gjin kweade dronk oer my.
It is wol sa dat ik net altyd wit wat ik doch. Oaren fertelle wolris wat ik dien of sein ha en dêr wit ik dan neat fan. Mar it is altyd allegear sa ûnskuldich as wat. Ik bin in ûngefaarlike drinker: ik slaan myn frou net dea as ik dronken bin en ik lit oare froulju gewurde.
Ik besûp my eins allinne op 'e lette jûn. Dan ha ik de nacht en byneed in part fan 'e moarn om 'e drank útwurkje te litten en binne myn dei en jûn net wei. Oerdeis en jûns wol ik folslein by myn positiven wêze.
Ik drink it leafst allinne en draai de dop pas wer op 'e flesse as it my yn it gesicht begjint te lûken, myn eagen sear begjinne te dwaan, ik amper mear op 'e wrâld bin, it my yn 'e holle begjint te bûnzjen en ik my ynienen mislik fiel. Ik gean dan op bêd en dûzelje wei, mar wurd wekker om't it my yn 'e holle draait en ik spuie moat. Ik spui yn 'e húskepot en gean yn 'e baaikeamer op 'e râne fan baaikûp sitten om by te kommen. Oeren letter wurd ik dan wekker en ûntdek ik dat ik oer de flier fan 'e baaikeamer lis mei it gesicht yn myn eigen koarre, noch sa beroerd bin as in kat en in barstende pineholle ha. Ik wurd ek wolris wekker wylst ik yn 'e gong lis, of yn 'e keuken, of yn 'e keamer, of op 'e oerloop, of foar it bêd, of yn it húske.
Myn earste frou sei dan ûnder it kofjedrinken, as ik noch gjin kofje ha koe: ‘Bist net wiis.’
Myn twadde frou sei: ‘Witst wol wêr'tst mei dwaande bist?’
Myn tredde frou: ‘Hast it net goed foar mei dysels.’
Myn fjirde frou: ‘Hoe kinst it dysels oandwaan?’
En Dette seit: ‘Wat sit der yn dy, datst sa wolst?’