pantys
Ik sjoch altyd nei de pantys dy't froulju oan hawwe. Ik kin de eagen der net fan ôfhâlde.
It is begûn doe't ik mei Tet, myn tredde frou, troud wie. Dy hie altyd prachtige pantys oan.
Doe't ik myn earste frou kennen learde, ik wie njoggentjin en sy santjin, hie dy noch gewoan hoazzen oan dy't ophâlden waarden troch in sjarretel. Ik wit net oft der doe al pantys wiene. Dy hoazzen ha my noait yn 'e wei west. Se sille har wol goed stien ha. Myn earste frou hie yn alle gefallen moaie skonken.
Myn twadde frou hie altyd in broek oan. Winterdeis hie se dêr leau ik wol ris in panty ûnder, yn alle gefallen as wy te reedriden wiene, mar ik ha my der noait om bekroade hoe't sa'n panty har stie, it wie fan gjin belang.
Myn tredde frou hie wol altyd in jurk of in rok oan en se makke der in protte wurk fan hokker pantys se dêr dan by oanlûke soe. Se hie se yn alle soarten, nylon en side, tsjok en tin, donker en ljocht, alle kleuren fan 'e reinbôge, withoefolle motiven, mei en sûnder naad. Ik seach mei fernuvering nei de pantys dy't myn tredde frou altyd oan hie en rekke der troch betsjoend.
Myn fjirde frou hie faak pantys oan dy't ik net moai fûn. Se sei dat ik gjin smaak hie. Wy ha in pear kear guon kocht dy't ik prachtich fûn en dêr't sy fan griisde. Mar dêr seach ik har dan