Drop
‘Ik ha mei de soan fan Tet praat,’ sei Dette.
‘Mei Drop? Wat moai.’
‘Ja. Wat is dat in aardige jonge. Hy kaam samar nei my ta. Do krijst de groetnis.’
‘Danke.’
‘Witst wat er oan my frege?’
‘Ik tink it wol. Oft ik noch wolris op 'e fyts siet te sjongen?’
‘Hoe witst dat?’
‘Dat hiene wy gemien.’
‘Sjongsto op 'e fyts?’
‘Ja. Niis noch doe't ik nei hûs ta fytste. Freegje Klaas Hoekstra mar, wist wol dy boer by de ôfslach. Ik hie it sels net iens yn 'e gaten. Hy rôp tsjin my: ‘Hast in goed sin, leau 'k.’ ‘Hoesa?’ sei ik. ‘Do sjongst,’ sei er.’
‘Songen do en Drop tegearre as jimme te fytsen wiene?’
‘Wy ha noait tegearre fytst, leau 'k. Mar hy frege my op in kear oft ik wolris op 'e fyts siet te sjongen. ‘Jawol,’ sei ik. ‘Ik ek,’ sei er, ‘soe elkenien dat dwaan as er in goed sin hat.’ Dat koe ik him net sizze. Hy sei doe: ‘Minsken dy't op 'e fyts sitte te sjongen, dat is it moaiste wat der is.’
‘Ik soe him wolris op 'e fyts sjongen hearre wolle,’ sei Dette, ‘sa'n jonge as Drop, dy makket my bliid.’
‘Sa weak kin ik dy net,’ sei ik.
‘Dat komt fan dy jonge. Hasto dat net ast oan him tinkst?’
‘Dat ha ik ek,’ sei ik, ‘en dan tink ik altyd, ik sil him noait yn 'e steek litte, ik sil trochgean mei te sjongen.’