mear dingen út myn bernetiid
Ik ha Dette juster ferteld oer de doarpsfeart en it kweakjen fan 'e einen. Niis ûnder iten ha ik har noch mear ferteld.
Nêst de feart troch it doarp wiene der noch folle mear dingen dêr't ik yn opgong, stille dingen en ynienen opklinkende lûden, om't ik by it hearren dêrfan yn mysels opgong, ticht by mysels wie en dêrtroch folslein mysels, ôfsletten fan 'e wrâld. Ik woe dêrnei altyd it leafst yn 'e sliep falle op it plak dêr't ik wie.
Ik woe yn 'e sliep falle as ik in skoft sjoen hie nei wask oan 'e line, dy't sa no en dan klappere yn 'e wyn, as ik yn in stille steech opsjoen hie, as ik nei in appel oan in beam sjoen hie, nei in skoarstien op in hûs, as ik út skoalle wei even troch it rút stean bleau te sjen nei ús mem, dy't mei de tee op it ljochtsje en de kop-en-pantsjes klear, siet te lêzen of te breidzjen, as ik troch it sliepkeamersrút nei de minsken seach dy't de doarpsstrjitte del kamen, as ik moarns wekker op bêd lei en hearde hoe't ús heit hoastjend op syn kreaksjende fyts nei de helling ta sette, as ik op 'e helling nei ús heit en oare hellingmannen stie te sjen, as ik harke nei it praatsje dat ús mem makke mei de winkelman dy't der wie om 'e bestelling op te nimmen.
Ja, dan woe ik yn 'e sliep falle, bûten westen reitsje, mar dat barde noait, ik dreau wer it libben mei de oaren yn.
Doe sei Dette: ‘Dan moatst no grut wurde, dan krûp ik by dy yn in holtsje.’
Se sprong oerein en begûn my te stompen: ‘Wurd grut, wurd grut, toe, it mei wol.’