ik sjoch nei myn fyfde frou
Myn fyfde frou leit op 'e bank. Ik sit yn 'e luie stoel en sjoch nei har. Ik mei har graach lije.
Ik wit net wêrom't se dêr leit. Se sit ommers altyd by de keukenstafel.
Se hat de eagen ticht. Ik wit net oft se sliept, mar ik rop net oan har om der achter te kommen, want as se al sliept soe ik har miskien wekkermeitsje en dan soe se oerein komme kinne, wylst se dêr krekt sa moai leit.
Se leit langút op 'e rêch, mei de hannen byinoar op it liif, as yn in deakiste.
Ik moat der oan tinke dat se foar my mei in oare man libbe. Hat se doe ek sa op 'e bank lein en hat hy doe ek sa nei har sitten te sjen? Dat is in ûnútsteanbere gedachte. Ik siet ek wol ris nei myn eardere froulju te sjen as se even fan 'e wrâld ôf wiene. Sitte de manlju dêr't se no mei libje ek wol ris nei harren te sjen sa't ik dat dien ha?
It libben komt my foar as in masine dêr't hieltyd itselde út rûgelet.
Ik doar no hielendal neat mear te dwaan. Ik doar eins net iens mear nei har te sjen. As se wekker wurdt en sjocht wat ik doch sil har dat sûnder mis in gefoel fan einleaze ferfeling jaan.
Mar ik kin net ophâlde mei nei har te sjen, want se leit dêr sa moai. Miskien wol se krekt dat ik nei har sjoch, miskien is se dêrom sa op 'e bank lizzen gongen, wol se dat ik ivich yn har opgean, sadat se ivich opgean kin yn it witten dat ik nei har sjoch, wol se dat dit ús dea wurdt.