It libben sels
(1997)–Piter Boersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 67]
| |
[pagina 68]
| |
hat,’ sei ik. ‘Dat klinkt gewichtich,’ sei Dette. Wy sieten op in terras mei útsicht op it bosk. ‘Jou my earst mar in tút,’ sei ik. ‘Is it sa slim,’ sei se. Se bûgde har nei my ta om my myn sin te jaan. Ik woe ferside krûpe tusken har boarsten. Dat sei ik. Se sei: ‘Hoe âld bist?’ Ik lake en sei: ‘Ik woe dat ik it yn my hie om te wenjen op in plak yn it bosk dêr't noait in mins komme sil. Yn in kûle achter in stikelige tizeboel fan stammen en tûken dêr't gjinien him yn bejout, mar dêr't ik my trochhinne wrotten ha. En boppe dy kûle is gjin heech blêdetek, mar sjoch ik gewoan de loft. It hoecht net ôfgryslik fier fan 'e paden ôf te wêzen. Ik mei de minsken wol hearre, kinne.’ ‘Wêrom dochst it net?’ sei Dette. ‘Sa't ik sei, om't ik it net yn my ha.’ ‘Bist bang.’ ‘Dat is it tink net. Ik fiel wol dat ik it dêr deagewoan net úthâlde sil.’ ‘Dêr soest de spiker wolris op 'e kop slaan kinne,’ ‘En witst, it earste momint dat ik it my foarstel bin ik yn 'e himel, mar dan tsjinnet him altyd itselde banale probleem oan: ik moat geregeldwei om iten en drinken út, ik reitsje dêrtroch yn 'e omkriten bekend en hoe rêd ik it dan om gjin spoar achter te litten. En dan fiel ik my bedrige en ferjei ik myn dream. Gelokkich dat der froulju op 'e wrâld binne, gelokkich datsto der bist.’ Ik seach út 'e eachhoeken wei nei Dette, sa'n bytsje heal laitsjend, ôfwachtsjend hoe't se reagearje soe. Se lake ûndogensk en sei: ‘It is net bêst mei dy.’ |
|