boskrâne
‘Wist wat my opfalt?’ sei ik.
‘Jawol,’ sei Dette, ‘dat wy al wer net midden yn it bosk rinne, mar oan 'e râne.’
Ik wie ferbjustere en fielde my ûngenedich betrape.
Dette lake en sei: ‘Ik ha wille om dy. Of do sikest de tichtste en ûnbegeanberste plakjes op, sa as in pear moanne lyn en lêsten ek noch in kear, mar meastentiids rinne wy it bosk in eintsje yn en dan sikesto de râne op en dan gean wy oer in paad dat dêr rint fierder.’
‘Ik mei graach tusken beammen troch it iepen fjild sjen en dan sa no en dan even hielendal nei de râne ta rinne om hielendal in frij útsjoch te hawwen.’
‘Ja, en dan wachtsje ik kreas op dy.’
‘Dat is sa, ja.’
‘Want ik gun it dy wol.’
‘Mar ik soe wanhopich wêze as ik allinne wie. Ik kin allinne rêstich en moedich nei it iepen fjild sjen omdatsto der bist.’
‘As ik der net wie soest net sa as no yn it finsterbank sitte kinne?’
‘Nee.’