It libben sels
(1997)–Piter Boersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 64]
| |
[pagina 65]
| |
‘Dan is it goed.’ ‘Moai.’ ‘Wêrom praatst no net gesellich?’ sei Dette. ‘Ik hâld der net sa fan om oer it libben te praten,’ sei ik. ‘En do bist sa'n prakkesearder oars.’ ‘Dêrom krekt.’ ‘Do fynst it libben mar neat.’ ‘Dat silst my net sizzen hearre. Ik besykje der wat fan te meitsjen.’ ‘Ik ha der wol ris ferlet fan om oer de sin fan it libben te praten,’ sei Dette. ‘Sa âld ast bist,’ sei ik. ‘Hoe bedoelst?’ ‘Al dy iepen doarren.’ ‘Dat wit ik net.’ ‘Ik ha der gjin nocht oan om der oer te praten. Ik libje wol.’ ‘Do makkest my net wiis datsto noait neitinkst. Wat dochst dêr dan yn dyn finsterbank?’ ‘Libje.’ ‘Dreame silst bedoele.’ ‘Dat heart der by.’ ‘Ja, en dat fyn ik lestich.’ ‘Ik fyn it krekt moai.’ ‘It makket my sa ûnrêstich.’ ‘Wêrom stinst no sa?’ ‘Ik wurd gek fan it libben.’ ‘En niis fûnst it noch moai.’ ‘Ik wurd gek fan it libben as ik der oer neitink.’ ‘Ik ek,’ sei ik. ‘Ast wat oars sein hiest wie 'k leau 'k by dy weigongen,’ sei Dette. |
|