ik bin al lang dea
Ik wol noait dea.
Mar ik bin it al lang. Ik bin dea gongen doe't ik my der op 'n stuit bewust fan waard dat it boartsjen in kear ophâlde soe. Al myn bern begûnen doe't se in jier as tsien wiene te bewearen dat se net âlder wurde woene as tolve. Neffens harren wie dêrnei it boartsjen oer en wie der neat mear oan it libben.
Ik ha altyd sein dat ik it mei harren iens wie, mar net dat ik, doe't ik my net mear yn it boartsjen ferlieze koe, dea gongen bin, want sy seine der net by dat se deagongen wiene. Miskien libben sy noch wol. Mar ik ha doe ek noait tsjin ien sein dat ik dea wie en letter ek net. Wa wit swijden sy dêr ek oer.
Ik meitsje my sels wiis dat ik libje as ik wat belibje of sjoch dat ik moai fyn. Ik hâld tsjin mysels fol dat ik bern bleaun bin. Ik bewear tsjin oaren dat bernlikens it iennichste nijsgjirrige en weardefolle oan in minske is.
Ik sil tsjin gjin bern en tsjin gjin folwoeksene sizze dat ien dy't âlder is as tolve dea is. Miskien bin ik de iennichste wol dy't fynt dat er dea is. Miskien fine alle oaren boppe de tolve wol dat se libje en miskien dogge se it ek wol.
Ik bin dea, mar ik wol net dat it sa is.