yn 'e hoeke fan 'e keamer
Yn 'e hoeke fan 'e keamer wie it oarloch. Yn 'e hoeke fan 'e keamer stoaren lju fan 'e honger. Yn 'e hoeke fan 'e keamer waard in frou yninoar slein. Yn 'e hoeke fan 'e keamer waard in doarp útmoarde. Yn 'e hoeke fan 'e keamer barde fan alles dêr't ik fan sei dat it ferskriklik wie.
Yn 'e hoeke fan 'e keamer kaam in hert út it bosk wei. Yn 'e hoeke fan 'e keamer spile in strykkwartet. Yn 'e hoeke fan 'e keamer dûnse in ballerina. Yn 'e hoeke fan 'e keamer waard in ferhaal ferteld. Yn 'e hoeke fan 'e keamer wie fan alles te rêden dêr't ik fan sei dat it prachtich wie.
‘Wat in wrâld!’ sei ik.
Dette sei: ‘Wat bedoelst?’
‘Dy televyzje,’ sei ik.
Dette sei: ‘Doch him dan út.’
‘Ik haatsje mysels,’ sei ik.
Dette sei: ‘Begjin in krústocht.’
Ik gong oerein.
Dette sei: ‘Wêr silst hinne?’
‘Nei bûten,’ sei ik, ‘nei myn finsterbank.’
Dette sei: ‘Do hatest dysels net, do hâldst fan dysels. Mar ik haatsje dy.’
‘O,’ sei ik.
Dette sei: ‘Ik wol grutsk op dy wêze. Stel in die. Fersûp dysels of rin in kûgel temjitte.’
‘Ik gean yn myn finsterbank sitten,’ sei ik.
Dette sei: ‘Bist in deadeling.’
‘It is ferskriklik,’ sei ik, ‘aanst frije wy wer as wylden.’