wenne en my nearne om bekroade. Myn earste frou en ik binne begûn yn in kreas húske op 'e romte dat wy fan in boer hiere koene. Anke koe it dêr lykwols gjin dei úthâlde en doe slagge it ús aldergelokst om yn in doarp it middelste hûs fan trije huzen ûnder ien kap te hieren. Dêr wie it lykwols ôfgryslik hoarich.
Mei myn tredde frou ha ik yn twa ferskillende flats wenne, yn twa ferskillende frijsteande huzen en yn trije ferskillende rychjeshuzen.
Mei myn fjirde frou ha ik earst yn in flat wenne, doe yn twa ferskillende frijsteande huzen, dêrnei yn twa ferskillende pleatskes en op it lêst wer yn in frijsteand hûs. En dat wie de twadde kear dat ik yn in hûs wenne dêr't myn frou it ek nei 't sin hie.
It makket my net folle út yn watfoar hûs as ik wenje. Mar as ik ien kear earne sit hoech ik der net wer wei. As myn frou ferhúzje woe ha ik dan ek altyd tsjinaksele, mar altyd woe ik op 't lêst wol om lyk, want in frou dy't yn in hûs wennet dêr't se it net nei 't sin hat is djip ûngelokkich en net te brûken.
It makket my ek neat út oft ik yn in doarp of in stêd wenje en ek net yn watfoar doarp of watfoar stêd. Ik wol allinne net tusken 'e beammen wenje. Net iens yn in lânskip mei beamwâlen. As ik bûten kom moat ik fier sjen kinne.
Ik bin der wol wiis mei dat ik no wer yn in hûs wenje mei frij útsicht.
Mei Dette bin ik wat it wenjen oangiet yn 'e prizen fallen, want om har hoege wy hjir ek net wer wei. Se wenne yn 'e stêd, mar se is opgroeid yn in arbeidershûs op 'e romte. Doe't ik tsjin har sei hoe't ik wenne wie se yn 'e wolken, want no hie se net allinne útsicht op in nije man, mar ek op in wenstee dat har as bern altyd sa moai talike hie, net sa op 'e romte, mar moai oan 'e râne fan in doarp.