‘Seks is in blom.’
Der foel in kristalheldere stilte.
‘Seks is de leuning fan in trep.’
Der foel in sniewite stilte.
‘Seks is in dakrút.’
Der foel in blinkende stilte.
‘Seks is in rok. Seks is in hoal.’
Der foel in donkere stilte.
‘Seks is in blauwe loft. Seks is de ierde mei de sinne dy't der op skynt.’
Der foel in ljochte stilte.
‘Seks is in prom. Seks is in kamperfoelje. Seks is in klyster. Seks is in reidplom. Seks is in hynder. Ik priuw. Ik rûk. Ik hear. Ik fiel. Ik sjoch.’
‘Do hâldst net mear op,’ sei Dette, ‘komst klear?’
‘Hâld dy stil,’ sei ik.
‘Dit binne dyn sintugen noch mar,’ sei Dette, ‘no dyn geast.’
‘Hâld dy stil,’ sei ik, ‘ik tink oan seks. Ik wol it altyd. Myn lichem wol altyd dy befrediging. Oars kin ik net tinke, kin ik net libje.’
‘Is it sa slim mei dy?’ sei Dette.
‘Hâld dy stil,’ sei ik, ‘ja, sa slim is it. Mar ik hâld my yn.’
‘Do bist gefaarlik,’ sei Dette.
‘Hâld dy stil,’ sei ik, ‘lit my gewurde.’
‘Wat dêr yn dat finsterbank yn dy omgiet,’ sei Dette, ‘dat soe ik net graach witte wolle.’
Ik liet my falle en sei: ‘Skop my oant ik bewusteleas bin.’
Ik koe letter neigean dat se it dien hie. Doe't ik wer by sûp en stút wie sei Dette: ‘Seks?’
‘Seks,’ sei ik.
‘Ik aai dy wol,’ sei Dette.