oerdwealsk
Wy wiene nei de stêd ta.
Wy hiene in nije jurk kocht foar Dette. In moaie swierige jurk.
Wy sieten op in terras en Dette hie it wakker nei it sin. Se murk dat ik glimkjend nei har siet te sjen. Se sei: ‘Ik moat ek laitsje om mysels. Wêrom lakesto?’
‘Do sitst hjir sa lekker oerdwealsk. Sa'tst dyn fuotten oerinoar sloechst.’
Se kroep yn myn ear en sei: ‘Jou my dyn kul. Dan bried ik him en dan yt ik him op.’