It libben sels
(1997)–Piter Boersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 55]
| |
[pagina 56]
| |
en yn 'e keamer mei boeken wenne. En ik wenje no net allinne yn it finsterbank. Ik wenje op 't stuit ek op in beamstobbe yn in wylge- en elzeboskje op in hoekje sompige feangrûn tusken puollen en petten. De beamstobbe is heal ferrotte, der groeie poddestuollen op, der hinget om my hinne in swiere rook fan planten, wetter en modder, fan in wielderich groeiende en rotsjende wrâld, miggen gûnzje, it is near, yn 'e fierte hear ik in koekoek. En ik wenje ek tusken it gekrioel fan minsken op 'e heechste treppen fan in brede marmeren trep dy't yn in pear etappes by in hichte op fan plato nei plato nei in plein op 'e top ta rint. Oan wjerskanten fan 'e plato's, de treppen en it plein stean in ûnwierskynlik grut ferskaat oan hypermoderne meast hege gebouwen dy't meiinoar in futuristysk stedsbyld foarmje. Dat binne plakken dêr't ik west ha. Mar ik wenje ek op plakken dêr't ik noch noait in foet set ha, sa as yn in stêd oan in rivier in ein it mei oerwâld bedutsen binnenlân yn. Om sa'n plak te fielen en hielendal te belibjen besjoch ik der plaatsjes fan en lês ik der boeken oer en konsintrearje ik my ôfgryslik op wat ik te witten kommmen bin. Ik ha yn dy stêd in plak útkeazen om te sitten. En as ik dêr yn gedachten sitten gean is it krekt as sit ik dêr echt. En ik libje my op 't heden yn dat ik wenje yn 'e besletten tún fan in kleasterruine, op in útstekkende punt fan in krytrotskust, yn in rivierdal, op it heechste punt fan in iepen heuvellânskip, op it trotwaar fan in suterige strjitte yn in âlde binnenstêd, op it terras fan in grut lânhûs. Troch de krêft fan 'e fantasy wenje ik dêr't ik wol. ‘Goed beskôge ha ik in prachtich libben,’ sei ik tsjin Dette. ‘Ja,’ sei se, ‘ik sis altyd tsjin elkenien, ik ha in man dêr't ik net oer yn hoech te sitten, dy past oeral in mouwe oan.’ |
|