unrêst en ûnbefredigdheid
Ik spring oer de sleat, rin it lân yn, draai my om en sjoch mysels yn it finsterbank sitten. It is gjin byld fan hoe't myn libben der hinne leit. Yn in finsterbank sitte dogge âlde minsken yn 'e rêst. Dat is it byld dat ik yn 'e holle meidraach.
Wêrom wenje ik yn in finsterbank?
Ik wenne op 'e fyts, op 'e fliering, yn it hok, yn 'e boekekeamer. Ik sjoch it allegear foar my. It binne gjin bylden fan hoe't myn libben der hinne leit.
Myn fyfde frou seit: ‘Wêrom sitst net by my oan 'e keukenstafel ast sitst?’
Myn libben bestiet út it my talizzen op in drok libben fol mei ferplichtings, want dan is it rêstich yn myn holle. Sa gau 't ik thús sitten gean begjint it yn myn holle te spoekjen en ha ik it drok mei prakkesearjen en wol ik allinne wêze.
Juster wie ik noch mar krekt thús of ik rûn al mei in kop kofje yn 'e hân nei it finsterbank ta. Dette gong fuort nêst my sitten en sei: ‘Hast noch neat sein.’
‘Wat hast hjoed dien?’ sei ik.
Se begûn mei in ferhaal fan A oant Z. Se woe dat it sa bleau. Se siet gewoan te genotterjen. Mar ik pakte har by de hân om mei har oer de sleat te springen.
‘Hâld dy ris yn,’ sei se, ‘ik wurd gek fan dy.’
Wy binne net oer de sleat sprongen, mar in ein de dyk út rûn en doe kaam se op 'e tekst oer wat se allegear tegearre mei my ûndernimme woe.
Ik stelde my ûnderwilens foar dat ik yn in streamfersnelling ûnderweis wie nei in reusachtige wetterfal. Myn frou begûn my oan 'e earm te lûken. Ik seach har oan. Se sei: ‘Wêr bist?’