it kweakjen fan einen yn 'e doarpsfeart
Ik wie in ein te fytsen en kaam troch in doarp mei in doarpsfeart. Ik bleau stean te harkjen nei it kweakjen fan 'e einen. Dat wie juster.
Ik stoarre nei it wetter, liet my folslein troch it lûd fan 'e einen yn beslach nimme.
Ik wie berne yn in doarp mei in doarpsfeart en gjin lûd wie my eigener as dat fan snetterjende doarpseinen. Wy wennen net oan 'e feart, mar ik hie der wol altyd by omslein. Der wie gjin plak dat my fertrouder wie.
It kweakjen fan 'e einen klonk helder oer it wetter, mar as út in oare wrâld, want wat it oprôp wie de stilte fan de feart. In doarpsfeart wie yn himsels keard, in oar elemint.
Ik wie ferbjustere. It kweakjen fan 'e einen brocht my by mysels werom: by ien dy't gjin wurd útbringe koe en net ûnder 'e druk fan 'e stilte beswike woe, mar beswykte, him ûnder 'e minsken joech en dingen sei.